Wommels.nl

  1. Tige slagge wedstriid Brânwacht Wommels

    Zaterdag 25 Maart 2017

    wedstriidbranwacht37

    Hjoed organisearre Brânwacht Wommels in wedstriid foar 9 korpsen yn Wommels. Se hienen in scenario betocht dat by de tarieding fan it iepeningsfeest fan swimbad De Klomp brân ûnstie wêr't de oare korpsen korps Wommels by helpe moasten om te blussen en ek nochris ien by de opbou fan de Terplûdentinte beklemd rakke. It korps fan Ureterp wûn de wedstriid en kriig yn It Reade Hynder de earste priis út hannen fan boargemaster Liemburg.

    >>> Meer
  2. Himmeldei Opslach en Fûnemint

    Zaterdag 25 Maart 2017

    image1

    Juster hawwe de bern fan OBS De Opslach en KBS It Fûnemint it doarp troch west mei gripers en pûden om allegear rommel op te romjen. Ek de peuterspeelzaal fan juf Pietsje die mei. Wy hawwe wer in moai skjin doarp, tank jongens en famkes.

  3. Undergeande sinne grutter dan in pleats

    Zaterdag 25 Maart 2017

    IMGP1425

    Mei it moaie waar fan de ôfrûn dagen is de ûndergeande sinne betiden prachtich. En hiel grut. Henk Bootsma hat it mei syn kamera skitterend yn byld brocht. It is de pleats fan de famylje Bakker yn de Súdhoeke.

    >>> Meer
  4. Moarn Brânwachtwedstriden yn Wommels!

    Vrijdag 24 Maart 2017

    brandweer

    Moarn spylje njoggen brânwachtkoarpsen in wedstriid yn de klasse '112' yn Wommels. It spektakel sil plakfine fan 08.00 oan't 18.00 oere. Foar wa sjen wol, kom op'e kaserne wernei de wedstriidlokaasje ferteld wurdt. At jim de lokaasje witte en by de wedstriden sjogge as sjoen hawwe graach earst noch neat op internet sette, want dat kin lettere korpsen befoardiele.

  5. Slachtepop 10 juny

    Vrijdag 24 Maart 2017

    thumb logoslachtepop

    Slachtepop 2017 is fan't jier op sneon 10 juny. Optrede sille The Recipe en De Suskes. De jûns dêrfoar is de Wylde Nachtkeatsparty yn de 'Slachte Keatsdome'. Muzyk hjirby fan troubadour Frerik de Swetser. It belooft wer in grut spektakel te wurden op de Littenserbuorren. Lês mear hjiroer op de webside en facebook fan Slachtepop.

  6. Kinderkledingmarkt giet net troch

    Vrijdag 24 Maart 2017

    De Kinderkledingmarkt dy't 1 april yn It Reade Hynder hâlden wurde soe (aginda diggelfjoer) giet spitegergenoch net troch.

  7. Johan Wagenaar geeft presentatie over het Praatboek

    Donderdag 23 Maart 2017
    Johan Wagenaar

    Boeken over eigen leven en omgeving: over wat nooit vergeten mag worden maar waar vaak te weinig aandacht voor is bij leven. Een praatboek is een waardevol hulpmiddel voor iedereen die in gesprek wil gaan met een oudere of dierbare. Johan Wagenaar geeft op vrijdagmiddag 31 maart, van 16.00-17.00, in de bibliotheek, een presentatie over hoe het in zijn werk gaat. Er is  koffie, gelegenheid tot het stellen van vragen en de toegang is gratis.

  8. Foarstelling Brekbere Sirkel útferkocht

    Woensdag 22 Maart 2017
    Brekbere sirkel

    De múzykteaterfoarstelling De Brekbere Sirkel fan freedtejûn yn It Dielshûs is hielendal útferkocht. Reservearje is net mear mooglik. De foarstelling is oeral sa'n grut súkses dat er op meardere plakken ek al útferkocht wie. Nei freed komt it noch in pear kear op de planken, wa't it graach sjen wol soe it dêr ris besykje kinne. Op sneon is der noch wol plak by de Hûnekop. Klik hjir foar in alderaardichst filmke oer dit optreden yn Wommels.

  9. Greidhoekekuiertocht en braderie in mei

    Woensdag 22 Maart 2017

    Foto Hendrik_Jellema_2015_1

    Op zondag 28 mei wordt voor de derde keer een kuiertocht rond Wommels gehouden. Naast de kuiertocht, wederom een jaarmarkt, dit jaar uitgebreid met ook een vlooienmarkt. De markt start om 11.00uur. Zie voor informatie, nieuws, opgeven en andere zaken op de website: www.komneiwommels.nl

  10. Open dag! op de Opslach

    Dinsdag 21 Maart 2017
    obs de_opslach

    Woensdag 22 maart 2017 is iedereen die eens een kijkje wil nemen op basisschool de Opslach in Wommels van harte welkom!

    Deze dag zal in het teken staan van De GROTE Rekendag! Om 08.30 uur een gezamelijke start op het plein, gevolgd door activiteiten in de groepen.