Wommels.nl

Wommels got talent ......jaseker

De earste oanmeldings binne der! Ferskate buertferienings jouwe oan dat se al drok oan it betinken en/of oefenjen binne! Der is sels al in buertferiening dy’t har oanmelden hat mei twa muzikale acts! Kollega’s, freonenploegen, Wommelser bedriuwen, muziekgroepen, allegear kinne jimme meidwaan! Ek mei in solo-act bist tige wolkom. Sjonge, goochelje, dûnsje, breakdance, entertaine, of oare talinten?
Lit se sjen tidens de Wommelser feesten op freed 18 juny yn de tinte!

De band “Why Not!?” stiet klear om jimme musikaal te begelieden at jimme dat wolle.
In fakkundiche sjury sil jimme beoardiele.

Jou dy/jimme op foar freed 19 maaie!
We hjeare graach fan jimme!

De organisaasje fan Wommels got Talent:
Anke van Asselt
Simone Kingma
Baukje Wytske Bakker
Marije Postmus

Opjefte of fragen?
Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.

Dielname fan 12 tot 120 jier