Wommels.nl

Faam

Blomfish

Yn Jorwert binne sûnt begjin jannewaris sa'n 25 jongerein út Littenseradiel, werûnder 4 út Wommels, dwaande mei de tariedings foar in Jongerein Iepenloft Spul. It stik hjit "Faam", de basis is it boek "Queen Bees and WannaBes" en giet oer froulju dy't de "baas" wêze wolle en froulju dy't yn harren sosjale groep hegerop wolle. De rollen wurde mei elkoar ferdield, de sênes en it dekôr wurde ek mei elkoar betocht. Karen van Vliet, Sanne Ligthart, Berber Tanja en Wietske Bootsma hoopje jimme yn maaie (de premjêre is de 12e) te sjen yn Jorwert.