Wommels.nl

Hjoed Warmetruiendag

warmetruiendag

It is hjoed lanlik Warmetruiendag. De gemeente Littenseradiel is enerzjybewust en docht hjir oan mei. Troch de ferwaarming yn it gemeentehûs in graad leger te setten, wurdt al gau sa’n 6% enerzjy besparre. Hieltyd mear Nederlanners dogge mei oan dizze nasjonale dei fan enerzjy besparjen. Sy sette de termostaat massaal op syn minst ien graad leger. De trui stiet symboal foar wat men sels dwaan kinne om de útstjit fan broeikasgassen te ferminderjen.

De gemeente Littenseradiel hat duorsumens heech yn it findel stean en moediget har ynwenners, basisskoallen en bedriuwen oan om de ferwaarming ek op syn minst ien graad leger te setten