Wommels.nl

Lêzing yn it Tsiispakhûs

lezingtsiispakhus05

Yn it Tsiispakhûs wie fannemiddei in lêzing oer de skiednis fan de súvel yn Fryslân troch Henk Dijkstra, direkteur fan it Frysk Lânbou Museum yn Earnewâld. De lêzing hjitte 'Van Melkaad tot Multinational' en gong der oer hoe't yn Fryslân eartiids troch boerinnen en letter troch fabryken de Fryske molke ferwurke wurde ta earst noch fral bûter en letter mear tsiis. De lêzing wurde drok besocht, de ûnderseal fan it Tsiispakhûs siet kroadfol. Op de boppeseal is troch in soad historyske stikken ark en oare saken ek folle te sjen oer de molkeferwurking troch de jieren hinne. By >>>Meer in fotoimpresje.