Wommels.nl

15000ste besiker swimbad De Klomp

IMG-20160723-WA0000

Swimbad De Klomp koe juster de 15000ste besiker fan it seizoen wolkom hjitte. It wie in famylje út Rotterdam; se binne yn Fryslân op fekânsje. Fan badjuf Ida krigen se in 12-badekaart. Dy koenen se wol brûke mei it moaie waar fan de kommende dagen, want se fûnen it sa noflik en moai yn De Klomp dat se fêst fan doel wienen om wer te kommen.

 

 

No't it wat better waar is is it wer faak aardich drok yn it swimbad. Ut in grutte regio witte minsken it swimbad te finen. De Klomp hopet dat it moaie waar noch in moai skoft oanhâldt en dan wer sa fier mooglik boppe de 20000 besikers te kommen. Der bin ek noch it Timmerdorp, de Triathlon Wommels en de ôfslútende Schuimparty dy't wat folk oer de flier bringe kinne. 

Der meitsje tsjinwurdich ek wer folle skoallen gebrûk fan it swimbad. Legere skoallen krije zwemvaardigheidstraining en middelbare skoallen hâlde der sportdagen; der wie ek de Schoolsportdag foar basisskoallen fan Littenseradiel en fansels in dei de Spulwike. It swimbad wurdt dan ek wat mear brûkt op tiden dat bern oars nei skoalle binne. Ek de oerkes Banen Zwemmen op tiisdei- en freedtemoarn en moandei-, woansdei- en freedtejûn dogge it goed.