Wommels.nl

Littenser Enerzjykoöperaasjes mei gemeente om tafel

EKL1701 04

Fannewike, tiisdeitejûn, sieten yn de riedsseal fan it gemeentehûs de enerzjykoöperaasjes fan Littensereadiel, wêrûnder de Wommelser WEK, mei de gemeente om tafel oer hoe't it hjir allegear wat duorsemer en better foar it miljeu kin. De gemeente soe in foarbyls jaan kinne troch sels lokaal opwekte griene stroom te brûken, bygelyks foar de iepenbiere ferljochting. In ferslachje hjiroer stiet op de webside fan de WEK

De gemeente biedt ek gratis warmtescans oan fan hûzen, dêr kin oant en mei 29 jannewaris foar oanmelden wurde. De bin 16 fergese scans beskikber. Mar de belangstelling liket grut. De gemeente wol tegearre mei de enerzjykoöperaasjes en Duurzaam Bouwloket sjen at der wat regeljen is foar de oanmelders dy't bûten de boat falle sille, dat fral ynstjoere.