Wommels.nl

Nei 30 jier ôfskie as erelid!

Fugelwacht Wybren

Op de jierfergadering fan Fûgelwacht Wommels e.o. is Wybren Bruinsma beneamt ta erelid. Nei 30 jier as bestjoerslid, wêrfan in grut part as foarsitter, hat hy de foarsittershamer trochjûn oan Teade de Boer. Pieter Breeuwsma is nei in perioade fan 9 jier út it bestjoer gien. Jan Eric Valkema is de nije man yn it bestjoer. Hy sil de koördinaasje fan alles rûnom sweltsjes op him nimme. De ôftraap is tiisdeitejûn dient troch Theunis Piersma mei in ynspirearent ferhaal oer de hússwel.