Wommels.nl

SDS wint derby mei 2-0

sdswpb01

De altyd beladen derby tsjin WPB út Snits is fannemiddei mei 2-0 wûn troch SDS. Hendrik de Jong (út in omhaal) en Pieter Sytsma skoarden de goals en keeper Jaap Toering stopte in penalty. Henk Bootsma wie der by en hat de wedstriid kreas yn byld brocht. Nei ôfrin fan de wedstriid fierde Sytse Haima de eufory fan de oerwinning noch fierder op mei fleurige noaten.