Wommels.nl

Earste ljipaai fan de gemeente is fûn

ljipaai2017

Aaisikers út Wommels kinne it earste ljipaai fan Littenseradiel net mear fine want dit is fûn troch Rindert Jansma fan Deinum (1998). Hy fûn it aaike moandeitemoarn om 8.10 oere yn it lân efter it tankstasjon by Hilaard. Der lei ien aaike yn it nêst. It is troch de weryndieling op 1 jannewaris 2018 de lêste kear dat it earste aai fan Littenseradiel fûn wurde koe.



Melding fan de BFVW
Om’t ljipaaien net mear meinommen wurde meie, wurdt it aaike net mear lottere yn it gemeentehûs. De Bond van Friese Vogelwachten (BFVW) kontrolearret yn it fjild oft it aaike en de finer oan de easken foldogge en jout it dêrnei troch oan de gemeente.

Untfangst troch boargemaster
Boargemaster Johanneke Liemburg hat Rindert en heit Ulbe moandei oan de ein fan moarn ûntfong yn it gemeentehûs. Sy hat Rindert fan herte lokwinske, de oarkonde ynfold en it fynderslean fan € 15,00 jûn.