Wommels.nl

Foarstelling Brekbere Sirkel útferkocht

Brekbere sirkel

De múzykteaterfoarstelling De Brekbere Sirkel fan freedtejûn yn It Dielshûs is hielendal útferkocht. Reservearje is net mear mooglik. De foarstelling is oeral sa'n grut súkses dat er op meardere plakken ek al útferkocht wie. Nei freed komt it noch in pear kear op de planken, wa't it graach sjen wol soe it dêr ris besykje kinne. Op sneon is der noch wol plak by de Hûnekop. Klik hjir foar in alderaardichst filmke oer dit optreden yn Wommels.