Wommels.nl

Tige slagge wedstriid Brânwacht Wommels

wedstriidbranwacht37

Hjoed organisearre Brânwacht Wommels in wedstriid foar 9 korpsen yn Wommels. Se hienen in scenario betocht dat by de tarieding fan it iepeningsfeest fan swimbad De Klomp brân ûnstie wêr't de oare korpsen korps Wommels by helpe moasten om te blussen en ek nochris ien by de opbou fan de Terplûdentinte beklemd rakke. It korps fan Ureterp wûn de wedstriid en kriig yn It Reade Hynder de earste priis út hannen fan boargemaster Liemburg.

 

 

De jury wie fol lof oer it troch Wommels betochte scenario en hoe't ús korps it allegear oganisearre hie. In soad minsken kamen efkes sjen yn it swimbad hoe't de ploegen it der fanôf brochten. Korps Wommels hie der wiken wurk fan hân om it goed del te setten. Fannewike wurde it scenario noch oefene mei korps Hearrenfean. Wat mear foto's as hjirûnder stean hjir