Wommels.nl

Tema Greidhoek' Festival: Make Love Not Wâl

logo2017

Justerjûn wie foar Boppers, Opperboppers en Frijwilligers fan it Greidhoek' Festival de Bobjûn yn it Appelhof efter de Van Sminialeane. Op de jûn wurden yn in 'State of the Union' troch Bob-Ate it programma en it tema fan de kommende edysje fan 9 septimber bekend makke. It tema is dit jier: Make Love Not Wâl. "Let's make the Greidhoek great again" wie de ynstek fan de hylaryske parsekonferinsje fan Ate. Foto's fan de jûn bin te finen op de webside en de facebookpagina fan it festival.