Wommels.nl

Sneon oefenwedstriid SDS 1 tsjin FC Dordrecht

sdsdordrecht

Kommende sneon 5 augustus is der op it fuotbalfjild yn Easterein in oefenwedstriid fan SDS 1 tsjin Jupiterleagueklup FC Dordrecht. Tagong is € 3,- (ek foar leden), oant 18 jier fergees, mei programmaboekje mei kâns op fleisprizen fan Murk's Slagerij. De wedstriid begjint om 17.00 oere. Nei ôfrin fan de wedstriid muzyk fan DJ Jan-Bauke.