Wommels.nl

De list foar de Freule

lotsjenfreule201702

Sneontejûn is der yn It Reade Hynder lotten foar de Freulepartij fan kommende woansdei. Foarsitter Johan van Tuinen fan it nije Freulebestjoer lûkte de lotsjes. Der kaam drekt al betiid yn de earste omloop in tige spannende wedstriid tusken favoryt Exmorra en Nederlânsk kampioen Berltsum út. Wommels moat wat letter op de moarn foar it earst oan de bak. Henk Bootsma hat der wat foto's fan makke, in pear by >>>Meer en fierders op syn facebook.

 

 

Henk wie ek op de PC. Under oare hat hy dêr in pear moaie plaatsjes sjitten fan ús preemjewinner Jacob Klaas Haitsma, hjirûnder en op facebook.

 

pc201706 

Fierder wie Henk nochris op Omrop Fryslân, dizze kear mei en oer syn moaiste foto fan it skûtsjesilen.

skutsje01