Wommels.nl

Wommels yn aksje

De Freule

De boufak is krekt begûn en it is allegeare aksje yn Wommels yn de oanrin nei de freulepartij fan moarn. Op it keatslân en fuotbalfjild wurd it measte wurk ferset fansels mar ek rûnom binne frywilligers yn't spier. Op de foto is de Boer dwaande mei it oppimpen fan it byld fan de Freule. Dizze famylje oan de Terp soarget der elts jier foar dat it der op de Freule wer himmel by stiet.