Wommels.nl

Slútingstiden Horeka op de Freuledei

De Wommelser Horeka sil ek fan't jier wer in grutte bydrage leverje oan de feestlikheden rûnom de Freule. Op de Terp (Jimbar) en it Bosk (Dielshûs) is muzyk en iten en drinken. Foar dit lêste binne blaue munten te keap; mocht der ien in pear oer hawwe, se bin oant 26 desimber noch yn te leverjen. De bûtentaaps sille de nachts om 00.30 oere slúte. Snacks binne der dan noch oant 01.00 oere te krijen en yn de Taveerne noch fan 01.00 oant 02.00 oere broadsjes hamburger. Stempels foar de WC jilde foar sawol it keatslân as de horeka.