Wommels.nl

Wat in dei, sa'n Freuledei

freule201718

Wat wie it wer in moaie dei, de Freuledei. It waar siet mei, it keatsen faaks knap en spannend, in soad públyk en grut feest nei ôfrin. Spitegergenoch rekke partoer Wommels der al yn de earste omloop ôf, koenen in 5-1 foarsprong net fersilverje. De finale gong tusken Exmorra en Boalsert. Boalsert wûn, in ferslach fan it keatsen en alle útslagen hjir by Kaatsnieuws. Henk Bootsma hat der in pracht fotoreportaazje fan makke.

 

 

 

Foar boargemaster Liemburg wie it de lêste kear sa op de Freule, sy krige in presintsje.