Wommels.nl

Sjanet Wijnia keningin Fouljus PC Weidum

sjanetkeningin

Sjanet Wijnia hat hjoed mei har partoer de Frouljus PC yn Weidum wûn. Sy waard ek ta keningin fan de partij útroppen. Sjanet en har maten, Louise Krol en Imke van der Leest, wûnnen de finale mei 5-2 6-4. Yn de heale finale fersloech it partoer fan Sjanet dat fan Anna Brecht Bruinsma, dy't in omloop earder Martzen Deinum derôf keatst hie. Earder wienen se de favoriten, Ilse Tuininga c.s, de baas mei yn it lêste earst trije boppeslagen fan Sjanet. Moarn sil Sjanet huldige wurde yn Wommels. Lokwinske Sjanet. In ferslach stiet by Omrop Fryslân. Henk Bootsma wie der by mei syn kamera