Wommels.nl

Greidhoek' Festival op de foto

Greidhoek Festival_Jaap_01

It Greidhoek' Festival hie twa wiken werom by de opbou in protte lêst fan it reinige waar. It fjild sopte nochal. Mar op de festivaldei sels wie it waar goed. Goed 1800 minsken lieten de sneinse skuon thús en genoaten fan it berneprogramma, it iten en drinken, de keunst en de muzyk. Der bin in protte foto's makke mei ek in soad Wommelsers der op, dy bin te op de facebookpagina's Greidhoek' Festival en Bob Greidhoek te finen. De foto hjirnêst fan Jaap Pater jout it festivalgefoel goed wer.

 

 

De manlju en froulju fan de organisaasje wiene ek aardich op skik.