Wommels.nl

Ynskriuwing Slachtemarathon 2018 rint stoarm

finish raard

De Slachtemarathon 2018, wêrby't Wommels takom jier in grutte rol hat, is sa populêr dat de webside de ynskriuwing foar freonen, dy't fannemoarn begûn is, net oan kin. Freonen kin it moarn pas wer besykje. De spesjale rol fan Wommels is dat wy oernachtingsdoarp binne, ús tema Festival is en dat fan hjirút de kuierders dy't thús sliepe wolle op de bus stappe kinne as ophelle wurde. De organisaasje yn Wommels hat in facebookpagina, Thúsdoarp Wommels Slachtemarathon, wêr't mear op te lêzen is.