Wommels.nl

Jehannes Hibma 50ste oanslúting WEK

hibmabeeldhouwatelier

Jehannes Hibma is mei syn thúsadres as 50ste oanslúten fia de Wommelser Enerzjy Koöperaasje by Noordelijk Lokaal Duurzaam. NLD is de enerzjyleveransier fan de lokale koöperaasjes yn it noarden fan Nederlân. Mei syn byldhouwatelier wie Jehannes ek al de 49ste oanslúting. De oare leden fan de WEK stean hjir op harren webside. 

De WEK is no drok dwaande mei it kollektyve sinnedak dat op It Trochpaad komme moat. 19 Oktober is hjir yn de mienskiplike romt fan It Trochpaad in ynformaasjejûn oer mei meiwurking fan Simon Visbeek en Klaas Bijlsma, de deskundigen fan ECoop dy't de WEK yn dit projekt begeliede. Oer dit projekt stiet hjir mear.

Foto's Janny Dijkstra en Durk Klijnsma.