Wommels.nl

Murk's Slagerij no ek oanslúten by de WEK

murksslagerij

Murk's Slagerij is fannewike oerstapt nei in oanslúting fia de WEK by de griene enerzjyleveransier Noordelijk Lokaal Duurzaam. Harren kontrakt by de foarige leveransier wie ôfrûn, dat se koenen fuortdaalks oer. De ferwurking fan it fleis giet by Murk en Erika tenei duorsum. En alle jieren € 75,- foar Wommels. Murk hie al 22 sinnepanielen op it dak lizzen. Ien fan de WEK hie Murk efkes holpen by it regeljen fan de saken, dat dogge se wol mear at minsken it dreech fine om oer te stappen.

 

 

 

 

Murk wie by de Triathlon Wommels ek sponsor van syn jonge nichtje út Bovensmilde, Marijke Harmsma. Marijke docht in soad triathlons mei en wurdt hieltyd better. Yn Wommels wurde se 4de by de froulju op de 1/8ste mei swimmen yn de feart yn 1.20.29.