Wommels.nl

Trekwei ynkoarten ûnôfhinklik fan enerzjy leveransiers

trekwei

Op de Trekwei hawwe in pear techneuten yn it grutste geheim wurke oan in projekt dat ynkoarten fierder wrâldkundich makke wurdt. Der is in unyke konstruksje betocht foar it opwekken fan enerzjy út wyn. It apparaat makket gjin lawaai, gjin slachskaad en as it hiel hurd draait sjogge jo allinne mar in tinne buis. Op it filmke kinne jimme sjen hoe dit der útsjocht. 

 

It is de bedoeling dat de konstruksje op in dak pleatst wurdt en dat de stroom van de wyn en fan sinnepanielen oplslein wurdt yn batterijen. Mei wyn en sinne kinne de Trekwei bewenners dan sels yn harren enerzjie behoefte foarsjen.