Wommels.nl

Huldiging Wommelser PC Helden

DSC 7066

Sneon 25 oktober wurden de wommelser keatsers dy't fan 't jier sa goed presteard hawwe op de PC yn de keatskantine huldige. Sjanet Wijnia wûn de Froulju's PC en waard keninginne, Anna Brecht Bruinsma waard dêr tredde en beide froulju wûnen mei Martzen Deinum ek noch de Jong Fammen Partij. Jacob Klaas Haitsma waard twadde op de PC . Henk Bootsma hat wat foto's makke.