Wommels.nl

Ferhaal út Diggelfjoer nominearre foar Bêste Fryske Doarpssjoernalistyk

diggelfjoerferhaal

It ferhaal 'Hy hat my wer takomst jûn' fan Marije Postmus yn de Diggelfjoer fan april fan dit jier (side 13) oer de nierdonaasje fan Evert Tanja oan Bertus Bootsma makket kâns de bêste Frysktalige bydrage oan de doarpssjoernalistyk yn Littenseradiel te wurden. Tegearre mei twa ferhalen út de Rûnkranter fan Weidum is it ferhaal fan Marije hjirfoar nominearre. De prizen sil bekend makke en útrykt wurde troch boargemaster Liemburg op freed 8 desimber yn De Helling yn Winsum.