Wommels.nl

Entoesjasme op bedriuwengearkomst Elfwegentocht

elfwegentocht3

It projekt Elfwegentocht fan projektlieder Tsjeard Hofstra hat yn it Fryske bedriuwslibben al aardich wat entoesjasme opwekt. Op de gearkomst juster siet it Fean Plaza fol mei ûndernimmers dy't takom jier yn july meidwaan wolle en ek wol in bliuwende feroaring fan de ekonomy yn gong sette. De takomst moat fossylfrij en sirkulêr. It projekt is lykwols noch by te min minsken bekend neffens projekthaadman Bouwe de Boer, sjoch hjir op Omrop Fryslân. Dêr sil de kommende tiid wat oan dien wurde. 

Frank Turksma wie der mei de Tieluk fuel cell. Harm Edens presintearre it programma en der wiene in stikmannich alternatyven útstald foar fossyle brânstof, bygelyks de Hesla, een Tesla op wetterstof (sjoch hjir ek de LC).

Syb van der Ploeg en Piter Wilkens slúten de gearkomst ôf mei it Eflwegentochtliet.

elfwegentocht