Wommels.nl

Slachtemarathon 2018 no ek ien-daags te dwaan

slachte

Omt de opjefte foar de twa-daagse Slachtemarathon 2018 noch wat tsjin fûl en men de yndrok hie dat in protte minsken leaver ien dei rinne woenen hat de organisaasje it no ek mooglik makke om dizze spesjale edysje ien dei te rinnen, fan Raerd nei Wommels (de freeds) as fan Kûbaard nei Easterbierrum (de sneons). De twa-daagse tocht giet lykwols ek gewoan troch, mar wa't him hjir al foar opjûn hat kin noch switsje. Lês hjir mear by de LC, op de side fan de Slachtemarathon sels as harkje nei foarsitter Anne Jochum de Vries by Omrop Fryslân. Thúsdoarp Wommels is noch hieltyd fan doel hjir in moai festival del te setten.