Wommels.nl

Pakketsje fan de gemeente

greidehert

Wy krije in pakketsje fan de gemeente mei dêryn it boek 'Dossier Littenseradiel', ansichtkaarten fan de Littenser doarpen en in dvd mei de registraasje fan de ôfskiedsfoarstelling 'Greidehert'. Om nochris werom te sjen en te lêzen. De foto is fan Pieteke de Boer, dy't der ek in moai gedicht by skreaun hat. By De Mik bin se op't heden de pakketsjes gear oan it stellen.