Wommels.nl

Energy Battle Friesland

thumb energybattle

Yn in tal doarpen en wyken yn Fryslân hat netbehearder Liander de ôfrûne moannen slimme meters plaatst. Sa ek yn Wommels. De slimme meters bin koppele oan internet wêrtroch it ferbrûk op ôfstân út lêzen wurde kin. In tal Enerzjy Koöperaasjes út dizze doarpen en wyken, wêrûnder de WEK, wol no in "Energy Battle" hâlde tusken de yndividuiele dielnimmers ûnderling en tusken de doarpen en wyken: de Energy Battle Friesland. Der bin moaie prizen te winnen. Je kin je hjir dêr foar opjaan. Dan krij je meiiens ek in goeie ferbrûksmanager om sels je ferbrûk yn ôf te lêzen, plus dêrby in fergees plusaccount wat oars € 1,50 yn de moanne kostet.

De "Battle" moat it leuker meitsje om mei (en tsjin) elkoar te besparjen. 

Immen syn as har ferbrûk wurdt ferlyken mei dat fan ferliene jier (dat moat je sels efkes opjaan, te heljen út de lêste jiernota). Wa't it meast minder ferbrûkt, it meast besparret dus, wint de earste priis. Mear besparje kin troch gewoan minder te ferbrûken (isolaasje, LED-lampen, kleden ta, apparaten dy't net brûkt wurde útsette, ensafh) as troch sels stroom op te wekken mei sinnepanielen. It byinoar optelde ferbrûk fan de dielnimmers út in doarp as wyk wurdt ek ferlyken mei ferliene jier en hokker doarp as wyk dan it meast besparre hat kin in Solarflower (sjoch foto ûnder) winne dy't € 14.000,- wurdich is, 18 kante meter sinnepaniel hat dat nachts ynfoud en oerdei mei de sinne mei draait.

Us eigen lokale koöperaasje, de WEK, hat hjir wol earen nei en soe graach wolle dat safolle mooglik Wommelsers meidogge en dan ek safolle mooglik minder ferbrûke. 

De ferbrûksmanager by de Energy Battle Friesland is slimmemeterportal. Slimmemeterportal mjit ek ien syn as har sluimerferbrûk, it ferbrûk dat dei en nacht troch giet. In soad minsken dy't de applikaasje hawwe sjogge faaks nochal op fan harren sluimerferbrûk en besykje dan dêr yn't earst wat oan te dwaan.

1 Febrewaris 2018 set de Energy Battle Friesland útein. Yn dizze únûgingsbrief falt mear oer de EBF te lêzen. De EBF wurdt stipe troch de Freonen fan Fossylfrij Fryslân, dy't takom jier ek de Elfwegentocht hâlde wêroer Tsjeard Hofstra mear ferteld yn de lêste Diggelfjoer.