Wommels.nl

Nim my mei dy mei op plak 8

nimmymeidymei

In moai berjocht om it âlde jier mei ôf te slúten en it nije mei útein te setten: 'Nim my mei dy mei' mei Wiebe Kaspers en û.o. bern fan De Opslach is op it achtste plak yn de Fryske top 100 kaam. Lokwinske jongens en famkes. Hjir is de videoclip fan it ferske te sjen. It wie earst noch wat spannend want it ferske siet net by de nûmers 11 oant 100 dy't yn't foar bekend makke wiene. It wie dus de fraach at se yn de top tsien sieten as hielendal net yn de top-100. Justerjûn efkes nei âlven koe der jûge wurde.