Wommels.nl

Gudula van Beem mei 2018 ferhaal

DSC 6507

Ferliene wike freed fertelde Gudula van Beem yn it gemeentehûs "It ferhaal fan Omke Bram". It wie, nei eigen sizzen, bysûnder en in foarrjocht foar har om it ferhaal op dat plak te fertellen. Nei ôfrin kamen minsken by har mei harren eigen ferhaal: “Myn man hat dizze foto makke, ik ha noch songen foar jimme omke doe’t hy thus kaam út Dutslân, ik wie by harren troufeest yn it Dielshús, us Heit siet ek yn it ferset en koe jimme omke goed ensaf…". Der ha sa’n  100 minsken harke, it ferhaal libbet fierder.