Wommels.nl

Nijs oer de iisbaan op webside Winterwille

winterwille02

By iisklup Winterwille bin se drok dwaande harren der op ta te rieden dat de iisbaan iepen kin. It iis groeit stadich oan troch en der wurde al aktiviteiten betocht (soe der ek curlen by sitte?). It hat kâns dat it moarn heve kin. It lêste nijs hjiroer op de webside fan de iisklup. Om yn de stimming te kommen hat Henk Bootsma wat foto's út 2013 út syn archyf opdûkt.