Wommels.nl

Jierfergadering en nije webside Fûgelwacht Wommels

utnoeging jierfergadering

Tongersdei 8 maart sil om 19.45 oere de jierfergadering plak fine yn 't Reade Hynder. We bin went om koart te fergaderjen sa dat der soad tiid oer bliuwt foar de gast fan de jûn. Dat is dit jier Gjalt de Groot, natoerman en ferhaleferteller earsteklas, hy sil "Smoute maitiidsferhalen" fertelle. Op ús nije webside is der ynformaasje te finen oer de fergadering, de sprekker en noch fan folle mear nijs en saken oangeande fûgels yn en om Wommels. It stiet jim frij om ris te sjen op vogelwachtwommels.nl, it sil jim ferbaze wat in Fûgelwacht eins allegeare docht!.