Wommels.nl

Wethâlder Faber iepenet sinnedak Trochpaad

iepeningsinnedak12

Wethâlder fan duorsemens fan Súdwest-Fryslân Erik Faber hat hjoed it kollektyve sinnedak op It trochpaad offisjiel iepene. Hy die dat troch it skerm, wêr't de opbrengst fan de 200 sinnepanielen op it dak op fertoand wurde, te onthullen. Pier zijlstra hie hjir in fernuftige konstruksje foar makke. Skoalbern en harren âlden, dielnimmers oan it projekt, gasten en de riedsleden Thomas van Dijk en Habtamu de Hoop wiene tsjûge fan de onthulling. Foarsitter fan de WEK, Ultsje Wiersma, sels ek riedslid yn SWF, praatte de iepening oan mekoar en jûg de bern in presintsje, in kakkerlak op sinne-enerzjy.

De WEK hopet nêst it mei dit projekt sels produsearjen fan griene stroom ek it milieubewustzijn fan de bern en harren âlden te fergrutsjen. En noch mear fan dit soarte projekten dwaan te kinnen. Wa't mei dwaan wol kin der hjir mear oer lêze en syn as har belangstelling oanjaan.