Wommels.nl

Tariedings foar nije foly yn it swimbad

DSC 2465

Yn it it swimbad is mei in grutte ploech hurd wurke om in stikmannich tegels om de baden fuort te heljen foar de bronbemaling dy't fanôf kommende wike it oanbringen fan nije foly mooglik meitsje moat. De bronbemaling pompt it grûnwetter fuort. Ek yn it grien ensfh. is de seizoenstarieding fan it swimbad begûn. Op facebook fan it swimbad wat foto's dêrfan en ek op dy fan Henk Bootsma, dy't der mei syn kamera by wie.

 

Ek op oare plakken yn Wommels is mei NL Doet hurd wurke, bygelyks by de Boskrânne en de Fûgelwacht (einekoeren). Anna-Marie Wijnia fan de Diggelfjoer is oeral mei de kamera by del west, dat dat stiet allegear yn de kommende Diggelfjoer.