Wommels.nl

Grut sportoanbod by Kom Nei Wommels

KNW05

Kom Nei Wommels (3 juny) wurdt oars fan't jier. Gjin merke mear. Yn stee dêrfan hat de kommisje in oare ynfolling fan de Terp betocht: 'Kom in Beweging'. Mei in grut en ferskaat sportoanbod wol men it beweegjen stimulearje. Der is Kuierjen, Fytsen, Beachvolleybal, Pannakoaifuotbal, Muorrekeatsen, Hurddraven, Jeu de Boules en Stoeprândzjen. It is sawol foar minsken dy't der al aardich betûfd yn binne as foar guon dy't der ris oan priuwe as foar de aardichhyd oan mei dwaan wolle. Mei muzyk, optredens fan de Malletband en in Foodplein fan It Dielshûs moat it dêrby in gesellige dei wurden foar minsken út Wommels en wide omkriten: Kom Nei Wommels.

Pannakoai, Beachvolleybal en Muorrekeatsen (One Wall Handball) wurde organisearre yn gearwurking mei SDS (fertsjinwurdige troch Lourens van der Pol), COVOS (Arnold Burger) en de KF Wommels (Habtamu de Hoop). Foar it Hurddraven (de Terprin) is in lytse kommisje gearsteld besteande út Meinte Wesselius, Wietse Jonker en Lukas Offinga en dizzen hawwe topdraver en proffessioniel sportmarketeer Erik Negerman belutsen yn de organisaasje. Fierdere meiwurking is der fan de buurtsportcoach fan SWF foar ús gebiet, Karin Batteram. De kuiertochten wienen der foarhinne al en dêr komt in Fytstocht by.

Op de webside fan Kom Nei Wommels mear oer dit alles. Klaas van der Weg en Jaring Rispens bin drok dwaande alle ynformaasje en de online ynskriuwing goed en kreas op de webside te krijen. Ynskriuwe kin ek op de dei sels fanôf 9.30 oere. De kommende tiid op dizze webside mear oer de ferskillende ûnderdielen fan 'Kom in Beweging'.