Wommels.nl

De Terprin by Kom Nei Wommels

concept flyer_Terprin_def

Ien fan de spektakulêre beweegaktiviteiten by Kom Nei Wommels - Kom in Bewegeging fan 3 juny is de Terprin. De Terprin is in hurddraafwedstriid mei trije ûnderdielen: de Healwiisoererin, Pearkedraven en de Berneloop. De Healwiisoererin is in fierders serieuze hurddraafwedstriid wêrby dielnimmers sa fier mooglik sjen moatte te kommen yn in heal oere. It healwize oan dizze rin sil blyken dwaan wilens de draverij, fral yn it lêst. By it Pearkedraven kin twatallen it tsjin mekoar opnimme yn mooglik ferskillende kompetysjes. By de Berneloop foar basisskoallebern giet it om it Iepen Frysk Kampioenskip.

De Healwiisoererin set om 13.30 oere útein en duorret dus oant 14.00 oere. Earst wurde der rûnen fan ien kilometer draafd, krekt sa lang oant dat je net mear in kilometer helje kinne yn de tiid dy't oerbliuwt oant 14.00 oere. Dêrnei moat je de tiid folrinne op de Terp, der komt in sirkwie om de oare ûnderdielen fan Kom in Beweging hinne fan 250 meter. Ungefear 10 minuten foar twa-en sille de earsten rûn de Terp begjinne te draven. Hjirfoar komt in unyk, healwiis signaal. Op it lêst draaft eltsenien om de Terp tot it einsignaal klinkt. Wa't it fierst kommen is hat wûn. Mar foar alle dielnimmers is it in útdaging om, stimulearre troch alle oaren, sa fier mooglik te kommen: in oerwinning op jesels.

By it Pearkedraven (14.15 oere) meie de pearkes út alle mooglike twatallen bestean, frou-man, frou-frou, man-man. Aldens makket ek neat. De organisaasje sjocht net konservatyf, alle twatallen kin pearkes wêze. Hjir wurde earst om de beurt troch de pearkeleden 4 rûnen fan ien kilometer draafd, wêrnei de lêste rûne om de Terp dien wurd troch beide pearkeleden tegearre. Hokker pearke dat it earst oer de streep komt hat wûn fansels. Mar, at der genoch meidogge, kin der ek in striid opsetten wurde tusken bygelyks wyken, sportklups, bedriuwen, doarpen, ensafh. Dan kin je it bêste sportpearke, bedriuwepearke, wykpearke as doarpepearke wurde. 

Foar de basisskoallebern is der de Berneloop (15.00 oere). Om it Iepen Frysk Kampioenskip, net om 'e nocht. De lytskes oant en mei 6 jier (ek 3 as 4) drave ien rûne om de Terp, âlden meie meidrave. Bern fan 7 en 8 jier twa rûnen, dy fan 9 en 10 triie rûnen en dy fan 11 en 12 fjouwer. Hjir is, at der genôch meidogge út oare doarpen, in skoallekompetysje mooglik as byklassemint.

Kom in Beweging wurdt breedút ûnder de oandacht brocht. Der komme stikken yn streekblêden (bygelyks Op 'e Skille en Groot Sneek) en de buurtsportkoaches fan Súdwest-Fryslân en de Waadhoeke, Karin Batteram en Lammert Harkema, skriuwe alle skoallen en sportklups yn de omkriten oan. It kin dan ek in moaie, sportyve dei wurde. Ynkoarten op dizze webside mear oar de oare ûnderdielen fan Kom Nei Wommels - Kom in Beweging. De organisaasje fan de Terprin is, mei tal frijwilligers, yn hannen fan Meinte Wesselius, Wietse Jonker, Erik Negerman en Lukas Offinga.

Yn't foar opjaan kin hjir, mar it kin ek fanôf 09.30 oere op de Terp.