Wommels.nl

Snein Pannakoaitoernoai en Keatsmuorre

pannakooi

Nêst de Terprin, Beachfollybal, kuiertochten, fytstocht en Jeu des Boules is der snein mei Kom Nei Wommels - Kom in Beweging ek in Pannakoaitoernoai en stiet der in Keatsmuorre op de Terp. It Pannakoaitoernoai wurdt organisearre troch Lourens van der Pol. It is fan 13.00 - 16.00 oere foar jongerein fan 13 o/m 17 jier. Lês mear op de webside fan SDS. Habtamu de Hoop set in Keatsmuorre del. One Hand Wallball is in sterk groeiende tak fan sport. Eltsenien kin sa mei dwaan.

kaatsmuur