Wommels.nl

Freedtejûn Bobjûn

haaima

Freedtejûn is it wer Bobjûn yn it Appelhof oan de Van Sminialeane. Dan komme de Opperboppers, Boppers, organisatoren en frijwilligers gear foar in tariedingsmeeting op it kommende Greidhoek' Festival fan 22 septimber. De minsken dy't it festival op hokker wize dan ek mei mooglik meitsje hawwe fergees drinken fan Bob Ross, muzyk fan Sytse Haima en in hearlik hapke út de smoker fan Ytkafé Jonker Sikke Jellum fan ús doarpsgenoat Nanne Dusselaar. Middels in parsekonferinsje wurdt bekend makke wat der allegear te beleven falt op 22 septimber. Wa't ek Bopje as frijwilligje wol op it/de kommende festival(s) kin delkomme en him as har dêrfoar oanmelde.

smoker