Wommels.nl

Keatsferiening helpt swimbad

fjildsproeie05

It grutte fjild fan swimbad De Klomp is hast wer ré om brûkt te wurden. Mei tank oan de KF Wommels wêrfan de sproeiynstallaasje brûkt wurde mocht. It fjild wie tige skaind troch fral de oan- en ôfvoer van grut materiaal fan it Greidhoek' Festival, plastik rydplaten koene dat net keare. Omt it sa lang wiit bliuwde koe it fjild lange tiid net opknapt wurde troch Leanbedriuw Okkema en doe't ien kear it gêrssied yn de grûn siet wurde it moai en drûch waar. Moai foar it swimbad, mar net foar it sied. De keatsferiening bied útkomst en it sproeien hat aardich fan túten dien sa't op 'e foto's te sjen is. Noch sa'n twa wiken en it is wer klear.

Siebren Hoekstra giet by de KF Wommels oer de sproeiynstallaasje (en it keatsfjild mei de robotmeaners) en Aart Laferte holp efkes mei it oanpassen fan de krêftstroom. Om werhelling te foarkommen sil Aart, terrein- en technykman fan it Greidhoek' Festival, foar 22 septimber 120 stielen rydplaten dellizze litte en mei in goed gêrsfjild kin wy de learzens dan thús litte.