Wommels.nl

Wat strykt it

damklup01

Der is wer in seizoen foarby foar de dammers fan damklupke Wat strykt it ?! De strikers fan it Frysk Spul ha simmerskoft, it harsenskraabjen is wer efkes dien. Mei dit kear 16 dammers op papier binne we yn septimber útein set. Eltse leste woansdei fan de moanne kamen we by inoar yn ’e Jimbar foar de kompetysje. Ek dit jier waar der wer om raak damt en it nivo wurdt noch steeds hieltiid en troch it seizoen hinne waard der steeds dreger damt. Der kamen moaie spullen op it boerd.

Nei de partijen noch efkes ‘neistrike’ mei in slokje der by, wat neiprate en fierder damme yn Frysk (5 skiiven tsjin 5 skiiven) as sels Maleisisch of Turks damjen.

De winner  fan de kompetysje wie we Murk Nijdam op de foet folge troch Harm Abma en Jetze  Wijnja.

At it Frysk damjen jim ek wat ta liket en jim bygelyks it stantsje hjirûnder oplosse wolle dan binne jim fan herte wolkom (foar de regels sjoch op www.friesdammen.nl).

damklup02

Begin septimber wol ik wer in lytse kursus jaan. Yn twa of trije jûnen sille wy de geheimen fan it damspûl ûntraffelje. Opjaan kin troch in mail te stjoeren nei:    Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken.  

Ein septimber beginne we wer te damjen. It fynt altiid plak op de leste woansdei fan de moanne.

Mei damgroet, Jelle Wiersma

damklup03