Wommels.nl

Parade Elfwegentocht

BMW01

De Elfwegentocht, wêr't ús doarpsgenoat Tsjeard Hofstra projektlieder fan wie, is sneon ôfslúten mei in lange parade oer de Wâldwei fan Drachten nei it WTC-terrein yn Ljouwert. Under alle fossylfrije ferfiermiddels diene 378 elektryske auto's mei. Dat wie net genoch om it rekord fan 505 te ferbrekken, mar de organisaasje hopet mei de 14 dagen dy't de Elfwegentocht duorre flink holpen te hawwen dat minsken harren mear bewust binne fan de problematyk omtrint de energyfoarsiening en mooglike oplossings dêrfoar. De WEK ride yn de parade mei mei de elektryske BMW wêr't se wilens de Elfwegentocht taxi mei riden hawwe.

elfwegenbmw06