Wommels.nl

Lêze foar de Freule mei Johanneke Liemburg

foto spandoek_2018

Dit jier is it de 14e edysje fan lêze foar de Freule. By it ûndergean fan de sinne yn de passantenhaven fan Wommels op tiisdei 7 Augustus sil Johanneke Liemburg it foarlêzen op har nimme. No’t har wurk as boargemaster der op sit , kriget se tiid foar oare dingen. Skriuwe is der ien fan. Spesjaal foar dizze jûn klom se yn de pinne en kaam mei in ferrassende titel, “Myn jierren mei Sake Saakstra”. Wy kinne allinne mar riede nei de ynhâld, is it fiksje, is it wier bart, of in lang bewarre bekentenis. 7 Augustus om 20.30 oere sille wy mear witte.