Wommels.nl

Tariedings Greidhoek' Festival yn folle gang

GFfanofdedyk

It swimbadterrein wurdt dizzer dagen ûnder lieding fan artdirector Aart Laferte wer omtovere ta festivalterrein. Fanôf de provinsjale dyk binne al twa grutte tinten te sjen wêr't de haadpodia yn komme. Alles stiet goed fêst en kin wol wat wyn hawwe. Troch de boskrâne om it swimbad is der op it terrein in protte lijte. It fjild is goed en wurdt net ferriden om't Okkema der 130 stielen rydplaten op lein hat wêr't al it swiere materiaal oer hinne transporteard wurdt. Mocht der in buike falle, dan is der in soad skûlplak. Moarn sil it heve. Om 14.30 oere al de Pauperfontein op de Terp, 15.00 oere de doarren iepen, 16.00 oere los mei it programma..