Wommels.nl

Greidhoek' Festival wer machtich

flageoandetoer

Mei de flage fan it festival oan de toer, de Pauperfontein op de Terp, in ferskaat programma oan iten, keunst en muzyk en in swimbadterrein ûnwerkenber omtovere yn it lân fan Bob wie it Greidhoek' Festival ôfrûn sneon foar sa'n 2000 besykers wer in machtich barren. Organisatoren en meiwurkers wiene dik tefreden. Ek de Ljouwerter Krante wie tige oer de achtste edysje fan it festival te sprekken. Links nei foto's en filmkes fan it festival stean op de mediaside fan de webside fan it Greidhoek' Festival. Mar moai sa wat troch groeie. De foto is makke troch Piet Douma.