Wommels.nl

Snoekfiskje mei de Fûgelwacht 2018

Snoekfiskje 2018

Sneon wie it jierlikse snoekfiskjen mei de Fûgelwacht Wommels. In stikmannich bern gong mei frijwilligers yn boatjes de Boalserter trekfeart op en se hawwe hiel wat fongen. It wie sok moai waar dat se yn de koarte broek it wetter op koenen. De grutste snoek dy't fogen waard wie 102 cm. Henk Bootsma hat it barren prachtich fêstlein. Op de facebookside fan de Fûgelwacht sels stean ek noch in pear foto's dy't se sels makke hawwe.