Wommels.nl

Fan keallepoat oant oranjekoek

oranjekoek

Alwer de twadde Ferdivedaasje op freed, yn 'e bibliotheek fan Wommels. Op freed 2 novimber fan 16.00 oant 16.30 oere sil skriuwster Wieke de Haan út Mantgum wat fertelle oer de Fryske koekesoarten: Fan Oranjekoeke oant Keallepoat. De yngrediïnten, de foarm, de smaak, bynammen komme foarby en fansels kin der eefkes preaun wurde. Fansels drinke we der in bakje kofje of tee by. Tagong is fergees.