Wommels.nl

Sneon SDS tsjin Skearnegoutum

SDS-Scharnegoutum

Sneon is yn Easterein om 14.30 oere de derby tusken SDS 1 en Scharnegoutum 1. Oan dizze wedstriid dogge oan beide kanten Wommelsers mei. Sa spylje by SDS 1 û.o. Jaap Toering, Gerwin Sijbesma, Jacob-Klaas Haitsma, Erik Haitsma, Ewout de Boer, Frank Bervoets, Pieter Sijtsma, Wiebe Heeres, Lourens van der Pol, Matthijs Postma, Habtamu de Hoop, Hendrik de Jong en Yward Zijlstra. By Scharnegoutum is Wommelser Remco Bervoets de traint en spilet ek Wytze Lanting út Wommels. 

Op de webside fan SDS wurdt útgebreid weromsjoen op de wedstriid SDS 1 - Scharnegoutum 1 fan 3 novimber 1990. Dit is de lêste kear dat de derby yn kompetysjeferbân spile is. Doe fuotballen Wommelsers lykas Jan Weijer, Wichard Deinum, Rients Smeding, Jappie Wijnia, Tjeerd Dijkstra en Tamme Posthumus by SDS 1.