Wommels.nl

Ynfojûn WEK oer Fan it gas ôf

WEK logo

Kommende tiisdeitejûn hâldt de Wommelser Enerzjy Koöperaasje yn It Dielshûs foar alle Wommelsers en omwennenden in ynfojûn oer hoe't je yn in doarp mei syn allen der op ta kinne gjin gas mear te brûken. Sjoerd Ypma fan Duurzaam Heeg weidet út oer in pilotproject dat Heech mei de gemeente Súdwest-Fryslân docht: "Heeg van het gas af". Beleidsadviseur duurzame ontwikkeling fan SWF Peter Dijkstra bringt de ynstek fan de gemeente foar it ljocht. SWF wol al yn 2030 alle wenten yn de gemeente enerzjyneutraal, ek dy by ús dus. Der komme in soad saken oan de oarder dy't ek yn Wommels fan pas komme sille. De WEK hopet dat der in moaie diskusje ûntstiet ûnder de oanwêzigen en al wat sicht op inisjatyven ta gearwurking de goeie kant op.